Wer winst Solarteam Ljouwert

08 jul 2010 - 20:43

It Private Energy Solarteam út Ljouwert hat tongersdei de twadde oerwinning helle yn de topklasse fan de Frisian Solar Challenge. De sinneboat út Ljouwert farde de tredde etappe fan Boalsert nei Frjentsjer oer in ôfstân fan 37 km yn minder as oardel oere. Yn de A-klasse gie de winst nei Team Sunrise út Terneuzen en yn de B-klasse wûn in Poalsk team foar de tredde kear op rige.

Freed stiet de fjirde etappe op it programma nei Dokkum oer 45 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)