Lange files nei lekkaazje

De lekkaazje fan paraffine, in soarte fan oalje, út in frachtwein, hat tongersdei op de rotonde fan De Jouwer foar lange files soarge. De floeistof makke de dyk sjippeglêd. In grut diel fan de middei en ek noch yn de jûn wie op de rotonde sels en op de A6 fan de rotonde yn de rjochting fan De Lemmer oant de Skarsterrijnbrêge mar ien rydstrook beskikber.
Rykswettersteat hat oeren dwaande west om de paraffine mei in hegedrukspuit op te romjen.