Apen yn Aquazoo krije iisko's

08 jul 2010 - 17:24

Aquazoo yn Ljouwert is klear foar de ferwachte smoarhite dagen. De apen krije in iisblok mei fruit, de pappegaaien kâld wetter en de skylpodden en de leguanen wurde wiet hâlden mei in plantespuit. Om algen en baktearjes gjin kâns te jaan wurdt it wetter streamende hâlden.

Foar de besikers is it ek benaud, mar foar harren binne gjin spesjale maatregels naam. Sy kinne iisko's keapje yn Aquazoo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)