Koart pleit oer Hege Gerzen

08 jul 2010 - 16:56

De gemeente Gaasterlân-Sleat en fjouwer natuerorganisaasjes moatte wer prate oer de iepeningstiden fan rekreaasjesintrum De Hege Gerzen yn Aldemardum. Dat advys jout de rjochter yn Ljouwert. De gemeente hie in koart pleit oanspand tsjin de natuerclubs.

De gemeente wol it strânpaviljoen faker iepen hawwe. It giet om acht dagen yn augustus en septimber oant tolve oere jûns. Dat is net goed foar jonge fûgels, fine de natuerorganisaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)