Bernemishanneling: gjin taname

It tal meldings fan bernemishanneling by it spesjale meldpunt fan jeugdsoarch yn Fryslân is ferline jier frij stabyl bleaun. Dat is in grut ferskil mei de lanlike sifers. Dêr is sprake fan in grutte taname, sa is tongersdei bekend makke.
Yn Fryslân binne goede ôfspraken mei bygelyks sikehuzen, it ûnderwiis en de plysje, seit Jeugdsoarch. De ynstelling wol him no mear rjochtsje op 'e gefallen fan bernemishanneling dêr't gjin melding fan dien is.