Fuotbalskerm yn Drachten
Op 'e Kade yn Drachten komt snein in grut skerm te stean foar de fuotbalwedstryd Nederlân-Spanje. De gemeente en de hoareka hawwe dat besletten om rellen foar te kommen. In grutte groep jongeren soarge tiisdei yn Drachten foar opskuor nei de wedstriid Nederlân-Oerûguay.
It terrein dêr't it skerm komt te stean, wurdt ôfsletten foar auto's. It wurdt oanmerkt as eveneminteterrein, sadat der allinnch plestik glêzen brûkt wurde meie.
Trefwurden:
argyf