Profyl duorsume bedriuwen

08 jul 2010 - 12:38

De gemeente Achtkarspelen wol bedriuwen derta oansette om duorsumer te wurkjen. Dêrfoar is in saneamd koprinnersprojekt opset. Seis bedriuwen binne de koprinners en wurde tsjin it ljocht hâlden. Sjoen wurdt dan nei bygelyks ôffal, ynkeap, enerzjyferbrûk en materiaalgebrûk.

De gemeente betellet de subsydzje foar it duorsumenssprofyl. De bedriuwen moatte sa entûsjast wurde dat se sels duorsum trochgean. Dat is goed foar it miljeu, mar ek foar de ekonomy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)