Mear meldings diskriminaasje

De kampanje tsjin diskriminaasje hat fertuten dien. Der binne mear klachten binnenkaam, ûnder oare by it buro Tûmba yn Ljouwert. De measte klachten gean oer diskriminaasje yn hûdskleur of komôf. Mar ek leeftyd en religy skoare heech.
Sûnt in skoftke binne der spotsjes op radio en televyzje en posters yn bushokjes om de minsken op melding te wizen. In soad witte net dat diskriminaasje strafber is. Mooglik komt der in herhelling fan 'e kampanje.