Bommen ûnskealik makke

08 jul 2010 - 11:32

De eksplosive-oprommingstsjinst fan Definsje hat woansdei op 'e fleanbasis yn Ljouwert twa bommen ûntskealik makke. It giet om in 250 kilo swiere bom dy't yn Dútslân makke is en in bom fan hast 20 kilo. Beide komme út de Twadde Wrâldoarloch.

De bommen waarden fûn by wurk op de fleanbasis. Dêr binne se ek ta ûntploffing brocht. Der wiene gjin spesjale maatregels nedich by de operaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)