Nij earmoedefûns foar Fryslân

Minsken mei akute finansjele problemen kinne fan no ôf in berop dwaan op in nij needfûns. De stichting Urgente Noden besiket mei jild út partikuliere fûnsen sokke minsken sa gau mooglik te helpen. De provinsje stekt der hast 450.000 euro yn om alles op te starten. Dêrneist dogge de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en Snits mei.
Foarsitter fan it needfûns is Rimmer Mulder, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante.