Flyers bliuwe yn kompetysje

Neffens de Flyers giet it om in misferstân
IIshockeyklup de Hajé Flyers fan It Hearrenfean giet der fanút dat se kommend seizoen gewoan meidogge oan de kompetysje. It iishockeybûn hat de Flyers út de kompetyjse set, om't de rekkens fan it iishockeybûn net betelle binne. It bûn hie de klup oant 1 july tiid jûn om de skuld ôf te lossen, mar dat is net bard. Neffens de Flyers binne se noch yn ûnderhanneling mei it bûn oer de ôfbetelling fan de skulden. De klup neamt it ien grut misferstân.