Flyers meie net mear spylje

De Hajé_Flyers fan It Hearrenfean meie it kommende seizoen net meidwaan oan de iishockeykompetysje. Neffens it Nederlânske iishockeybûn ha de Flyers de rekkens oan it bûn net betelle. It giet om in strukturele betellingsachterstân. It bûn hie de klup oant 1 july de tiid jûn om de skuld ôf te beteljen.
It bestjoer fan de Flyers is woansdei op de hichte brocht fan it beslút fan it bûn. De hichte fan it bedrach is net bekendmakke.