'Keverveger' yn Nij Beets

(Foto Bart Ledegang)
It Polderhoofdkanaal wurdt op bysûndere wize skjinmakke. Trije mannen út Nij Beets ha in opblaasbere 'keverveger' kocht. Dizze 18 meter lange marinedummy út de eardere DDR soe de 'geelgerande waterroofkever' feie moatte. De heriepening fan it kanaal wurdt troch dat bist opkeard.
De Dútsers brûkten de opblaasboat yn de Kâlde Oarloch om de Amerikanen foar it lapke te hâlden. Ut de loft wei sjoen liek it oft der echte minefegers yn de haven leinen.