Minder plysje: wol feilichheid

07 jul 2010 - 14:58

De kommende besunigings by de plysje meie net ten koste gean fan de feilichheid op strjitte. Dat seit Max Daniel fan de plysje.

Woansdei waard bekend dat de Fryske plysje 238 fte's kwyt reitsje moat. Dat docht bliken út de oanbefellings fan de Kommisje Andersson. De eigen bedriuwsfiering kin effektiver organisearre wurde. Dêrneist moat de plysje snije yn de eigen taken lykas minder ynset by eveneminten. Twongen ûntslaggen wurde net útsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)