Orka Morgan al 40 kilo groeid

07 jul 2010 - 12:55

De orka Morgan dy't ein juny út de Waadsee rêden is, moat noch trije oant seis moanne yn it Dolfinarium yn Hurderwyk bliuwe. Doe't de orka binnenbrocht waard, wie se flink ferswakt.

Se hie in ynfeksje en it wie de fraach oft se der wol wer boppe op komme soe. Mar de fersoargers binne tefreden. Se is de ôfrûne tiid 40 kilo oankommen, mar dêr moat noch seker 200 kilo by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)