Plysje moat flink krimpe

Mooglik falle der twongen ûntslaggen by de plysje. Dat is woansdei sein op in parsekonferinsje. It tal arbeidsplakken by de Fryske plysje sil de kommende jierren flink werombrocht wurde, it giet om 238 FTE's minder.
Der wurdt besocht it ferrin op natuerlike wize plakfine te litten, mar dat sil te lang duorje. Sa wol de plysje út de reade sifers komme. De feilichheid fan de boargers en de plysje sels soene wol garandearre bliuwe moatte.