Brân op dak Aylvastate

(foto Rudy Bouma)
Der hat woansdei brân west yn soarchsintrum Aylvastate yn Wytmarsum. De brân ûntstie op it dak. Dêr stie dakbedekking yn 'e brân. Der kaam in soad reek frij en dêrom binne tolve bewenners fan oanleunwenten evakueard. Der rekke net ien ferwûne en der ûntstie gjin reek- of wetterskea.
De bewenners koenen twa oeren letter werom nei har hûs. Hoe't it koe dat de dakbedekking yn 'e brân fleach, is noch net bekend. De brânwacht siket dat út.