Lichem yn wetter Ljouwert fûn

07 jul 2010 - 09:57

De plysje hat tiisdeitejûn yn it wetter yn Suderbuorren in stoflik omskot fûn. It lichem lei by de Noarder Stienplaat yn de Ljouwerter wenwyk. It lichem is fan in 49-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Hy waard sûnt moandei fermist. De man gie op dy dei nei syn wurk, mar kaam net thús.

Famylje warskôge de plysje. Op it lichem fan de man binne gjin spoaren fûn dy't op geweld wize. De plysje slút in misdriuw dêrom út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)