Fryslân fiert feest mei Oranje

06 jul 2010 - 23:56

In lytse 10 tûzen minsken seagen op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert Oranje tiisdei winnen fan Oerûguay. Op it plein stie in grut skerm dêr't de wedstryd om in plak yn de finale fan it WK op te sjen wie. De sfear op it plein wie prima, foaral neidat it lêste fluitsinjaal fan de skiedsrjochter klonken hie.

Om 12 oere jûns wie it noch gesellich drok yn de binnenstêd en hiene der gjin ynsidinten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)