Preamstalling feilich makke

06 jul 2010 - 23:48

De gemeenteried fan Ljouwert wurdt frege 30.000 euro beskikber te stellen om de stalling fan de preammen yn Ljouwert better berikber te meitsjen. De preammen dy't brûkt wurde foar rûnfearten troch de stêd lizze by parkeargaraazje Hoeksterend, mar binne foar de meast âldere frijwilligers min te berikken.

Sy hawwe by de gemeente oan de bel lutsen en it liket der op dat dat súkses hân hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)