Toeristen jouwe 1 miljard út

Toeristen hawwe ferline jier goed 1 miljard euro útjûn yn Fryslân. Opfallend is it weromrinnen fan it tal minsken dat wurk hat yn it toerisme en de rekreaasje. Dat oantal naam de lêste jierren hieltyd ta, mar rûn yn 2009 werom.
Op it terrein fan de wettersport naam Fryslân 90 persint fan alle oernachtings yn jachthavens yn Nederlân foar syn rekken. De Fryske attraksjeparken krigen ferline in bytsje mear besikers as yn 2009.