Musicals earder om Oranje

Earst nei de musical, dan nei it fuotbaljen
Op ferskate basisskoallen binne de jierlikse musicals fan groep acht tiisdei earder begongen. Dat hat alles te krijen mei de wedstriid dy't it Nederlânsk alvetal om healwei njoggenen spilet tsjin Oerûguay.
Om foar te kommen dat pakes, beppes, heiten en memmen de musicals massaal sjitte litte soene, binne de optredens fan de bern in oere nei foaren helle.