Rop om ferkearsdrompels

06 jul 2010 - 16:25

De bewenners fan de Parallelwei yn Bûtenpost wolle dat de hiele strjitte ferkearsdrompels krijt. De gemeente is fan plan om dy allinnich op in part fan de Parallelwei oan te lizzen, mar de buert fynt dat se yn de hiele strjitte komme moatte.

De Parallelwei stiet der om bekend dat der faak te hurd riden wurdt. Dat liedt soms ta gefaarlike situaasjes, benammen foar fytsers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)