Konklúzjes sâltwinning te gau

06 jul 2010 - 16:08

De rop om alle kaarten mar te setten op sâltwinning ûnder de Waadsee, troch de Fryske polityk komt fierste betiid, seit Hidde van Kersen, direkteur fan de Waadferiening. De sâltwinning ûnder it Waad komt no sterk yn byld as alternatyf foar sâltwinning ûnder it lân no't bliken docht dat soks kin sûnder dat de natuer derûnder lijt. Alteast dat stiet yn in miljeu effekt rapportaazje yn opdracht fan Frisia.

Probleem is lykwols dat dat rapport noch net offisjeel nei bûten kaam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)