Lyk fûn yn wetter Blauforlaet

06 jul 2010 - 15:30

By de brêge fan Blauforlaet is tiisdeitemiddei it lyk fan in man fûn. De identiteit is noch net bekend, de man hie gjin papieren by him. De plysje ûndersiket de saak, mar tinkt dat it slachtoffer tiisdeitemoarn betiid yn it wetter rekke is en giet net út fan in misdriuw.

Wettersporters seagen it stoflik omskot even nei tolven driuwen yn it wetter fan it Prinses Margrietkanaal en warskôgen de helptsjinsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)