Ald-spilers wurde coach Flyers

De Hajé Flyers fan it ôfrûne seizoen
Justin Bekkering (33) en Hans Kroon (32) binne foar takom seizoen fêstlein as nije coaches fan de Hajé Flyers. De twa âld-spilers fan de Flyers binne de opfolgers fan de Kanadees Dave Hyrsky dy't dien krigen hat.
Ferline wike krige it fjouwertal Bekkering, Kroon en Jacco en Erik Landman te hearren dat der gjin budget is om mei harren fierder te gaan as spilers. Ek foar de bruorren Landman wurdt der in nije funksje binne de klup socht.