Stasjon Harns wer leech

06 jul 2010 - 12:05

De NS hâldt der rekken mei dat it stasjon fan Harns opnij jierrenlang leechstean sil. Dat seit in NS-wurdfierder. De wen- en keukenwinkel Totally Home giet nei in jier alwer út it stasjon wei. It bedriuw hat slim te lijen fan de ekonomyske krisis.

Dêrfoar hat it stasjon tolve jier leech stien. Dêrom is it neffens de NS realistysk om te ferwachtsjen dat it opnij net maklik wêze sil om in hierder te finen. De NS sil wol aktyf sykje nei in nije bestimming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)