'Gjin sâltwinning ûnder lân'

06 jul 2010 - 11:08

Fryske oerheden binne derop tsjin dat Frisia Zout BV trochgiet mei de winning fan sâlt ûnder lân. It giet om provinsje, wetterskip en de gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt, Harns en Menameradiel. Dy oerheden binne bliid dat út in miljeu-effekt-rapportaazje bliken docht dat winning op it Waad de meast miljeufreonlike kar is.

Frisia wol de kommende jierren 32 ton sâlt winne. Twatredde part soe ûnder it waad weikomme moatte, ientredde part ûnder lân wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)