Motorrydster út de bocht
In 26-jierrige ynwenster fan Drachten is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn De Pein. Op de Hegewei fleach de frou mei har motor út de bocht.
De frou hie lêst fan de earm en is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Drachten brocht.
Trefwurden:
argyf