Graffity op boat De Friesland

06 jul 2010 - 10:13

Twa 21-jierrige ynwenners fan West-Skylge hawwe in boete krigen, omdat se graffity spuite hawwe op de fearboat De Friesland.

Tsjûgen seagen dat de manlju dat diene en bellen de plysje. Dy hold de twa oan en joech in boete. De Skylgers meitsje de boat tiisdei sels wer skjin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)