Sjitterij om saaklik konflikt

In saaklik konflikt wie de oanlieding foar sjitterij op de Bleeklaan freed. In jonge fan 17 jier út Ljouwert helle ferhaal by in bedriuw dêr, omdat er as âld-wurknimmer miende dat er noch jild krige. De direksje wie der net en men sei dat de jonge letter weromkomme moast. Dy kaam koart dêrnei yndie werom, mei in broer en in freon.
De direkteur stapte yn de auto en naam in pistoal mei. Hy frege de jonge fuort te gean en skeat dêrby twa kear yn de grûn. Letter leine se de rúzje by.