Minder yn bus, mear yn trein

Minder Friezen stappe yn 'e bus
Der wurdt yn Fryslân folle mear gebrûk makke fan treinen as fan bussen. Dat docht bliken út de earste kwartaalsifers fan it iepenbier ferfier yn Fryslân. Yn fergelyk mei it earste kwartaal 2009 stapten der de ôfrûne trije moannen 20 persint minder reizgers yn de bus.
De treinen nei Grins, Snits en Harns dogge it folle better. Dy hellen 60.000 reizgers mear oer it earste kwartaal. Minder minsken yn 'e bus dus, likegoed wiene dêr mear klachten.