Skâns by De Blesse bleatlein

© Omrop Fryslân
By opgravings by De Blesse is in granaat út de 17e ieuw foar it ljocht kaam. De granaat is yn 1672 troch de troep fan de Biskop fan Munster ôfsketten op in skâns fan de Fryske wetterliny.
Dy liny moast doe Fryslân beskermje tsjin de oprukkende Dútske troepen. Neist de granaat waard der ek in sulveren ring fûn, mar de grutste ûntdekking fan archeolooch Ko Lenting wie it ferdigeningswurk sels.