BFVW wit net fan rôffûgelmoard

05 jul 2010 - 15:26

By Bûn fan Fryske Fûgelwachters BFVW is neat bekend fan rôffûgelferfolging troch har leden. Der wurdt ek net oer praat, seit BFVW-foarsitter Geart Benedictus. Greidefûgelbeskermers wurde troch de plysje mar ek troch de Fryske Miljeu Federaasje mei rôffûgelferfolging yn ferbân brocht.

De miljeu federaasje makke moandei bekend dat der it earste healjier al 104 befestige gefallen fan rôffûgelferfolging binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)