De striid oan mei bernestjerte

05 jul 2010 - 15:18

Gynekologen út de fiif Fryske sikehuzen geane mei-inoar de striid oan tsjin de bernestjerte yn Fryslân. Sa moat der yn 'e sikehuzen mear personiel komme om in frou dy't oan it befallen is goed en feilich te begelieden en soene de teams fan de operaasjekeamers earder klear steane moatte as der gefaar driget.

Ek wolle de gynekologen better gearwurkje mei ferloskundigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)