Meubelfabryk Bylsma oernommen

Meubelfabryk Bylsma yn Frjentsjer is oernommen. Begjin juny waard it bedriuw fallyt ferklearre, mar de Van Veghel-groep út Oss sil de produksje fan iken design-meubels oernimme.
Van Veghel hat yn Oss in meubelfabryk mei 200 man personiel. De produksje fan Bylsma bliuwt wol yn Frjentsjer. Fan de 44 wurknimmers sille tusken de 20 en 30 minsken in nij kontrakt krije. De kommende wiken sil de nije eigner sjen hoe't it fabryk draait en hoefolle minsken hy hâlde wol.