Fereale Burdaarder op 'e Weaze
De plysje hat sneintemiddei op de Weaze yn Ljouwert in 39-jierrige man út Burdaard oanhâlden op fertinking fan 'hûsfredebrek'. Op 'e neimiddei melde in hierster fan in keamer op de Weaze dat de Burdaarder sûnt sneontejûn op har keamer wie en net fuortgean woe.
De man woe dêr bliuwe, omdat hy fereale wurden wie op de 33-jierrige ynwenster. De plysje hat him oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.
Trefwurden:
argyf