Drachten: brânstichter oppakt

05 jul 2010 - 09:49

In Boarnburgumer (18) is sneintenacht yn Drachten oppakt op fertinking fan brânstichting. De plysje krige om 3 oere hinne in melding fan brân yn in konifearehage oan de Stâl.

De bewenners fan it hús koene it fjoer sels útmeitsje. De fertochte waard yn de strjitte oantroffen en troch de plysje herkend omdat hy earder op de jûn ek al belutsen wie by in brantsje op de Claerkamp. De man koe net fertelle wêrom't hy dêr wie en is foar ûndersyk meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)