Ynbrekker betrape yn Wier

De bewenners fan in hûs oan de Gernierswei yn Wier hawwe sneintejûn in ynbrekker betrape en oerdroegen oan de plysje. De minsken kamen thús en seagen in ûnbekende racefyts by it hûs stean. De bewenster gie yn 'e hús en seach dat der ynbrutsen wie.
Se seagen de ynbrekker noch krekt fuortdûken, mar koene him pakke en fêsthâlde oant de plysje der wie. De 49-jierrige ynwenner fan Minnertsgea is op fertinking fan ynbraak meinommen nei it plysjeburo.