Skea oan Solar Challenge-boat

05 jul 2010 - 06:24

In dielnimmer oan de Frisian Solar Challenge hat flinke skea oan syn boat neidat in man op syn boat sprong. Dat wie sneintemiddei yn de Prinsetún yn Ljouwert. De man siet mei in groep manlju yn syn auto oan de Grienewei. Omdat de groep ferfelend wie, belle in stedswacht de plysje. De man naaide út en sprong boppe op de boat, hy koe lykwols wer gau pakt wurde.

It is noch ûndúdlik wat de skea is en oft de boat noch wol meidwaan kin oan de race.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)