Losbrutsen ko deasketten

04 jul 2010 - 15:27

De plysje hat sneon op de A7 by Twellingea in ko deasketten. Jûns om sawat acht oere krige de plysje in melding dat yn de berm fan de A7 by it Prinses Margrietkanaal in ko los rûn. It bist wie fia in sleat út in stik lân losbrutsen.

It slagge de plysje net om de ko te fangen. Om't it ferkear slim yn gefaar brocht waard, is de ko úteinlik deasketten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)