Auto útbaarnd by Wytmarsum

04 jul 2010 - 14:28

Op de N31 by Wytmarsum is sneontejûn in auto útbaarnd. De bestjoerder fan de auto, in 59-jierrige man út Wetsens, ried even earder op 'e dyk en seach dat oare auto's him sinjalen joegen. Doe't er de auto oan de kant sette woe, kaam er derachter dat der reek ûnder syn auto weikaam.

Hy sette de auto op de flechtstripe. Doe sloegen de flammen ûnder de motorkap wei. De brânwacht hat de auto blust, mar koe net foarkomme dat de auto útbaarnde en dat de dyk skea oprûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)