Man mishannelet frou
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 40-jierrige Ljouwerter oanhâlden om't er in frou mishannele hat. De Ljouwerter hie yn in kafee spul krigen mei de 21-jierrige frou, ek út Ljouwert, en hie har meardere kearen slein.
De man is oerbrocht nei it plysjeburo en sit fêst.