Sliepkeamer útbaarnd yn Marsum
Yn in hûs oan de Riemer Veemanstrjitte yn Marsum hat sneontenacht brân west. Ien sliepkeamer is folslein útbaarnd. De brân ûntstie om healwei twaen sneontenacht, wierskynlik yn in lampe yn de sliepkeamer.
De bewenners, in man en in frou fan 40 jier, krigen reek binnen troch de brân. Sy hoegden net nei it sikehûs, mar koene troch ambulânsepersoniel behannele wurde.
Trefwurden:
argyf