Taksy slacht oer de kop

Yn Snits is sneontejûn in taksy oer de kop slein. Njonken de bestjoerder sieten der twa minsken yn. De 49-jierrige bestjoerder út Snits ried op de eastlike rûnwei fan Snits. Dy dyk is lykwols ticht omdat der in nije asfaltlaach op komme moat.
De sjauffeur stjoerde oer in stik dêr't noch wol wat asfalt lei, mar ferlear de macht oer it stjoer en fleach oer de kop. De bestjoerder rekke swier ferwûne. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.