Doarpstún septimber wer iepen

04 jul 2010 - 13:27

De doarpstún fan Snakkerbuorren kin yn septimber wer folslein iepen. Dat tinkt wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert. No woansdei is der in petear mei it bestjoer fan de tún om te sjen hoe't it no fierder moat.

De tún giet fan snein ôf tydlik ticht. Der binne te min minsken dy't alle frijwilligers oanstjoere kinne. Ek wurkje der minsken dy't yn in reyntegraasjetrajekt sitte. Dat kostet in soad tiid en jild en dat groeit it bestjoer boppe de holle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)