Man sprint op motorkap taksy

04 jul 2010 - 13:18

In ynwenner fan Ljouwert is sneintemoarn betiid yn Grins boppe-op de motorkap fan in taksy sprongen. Dat die er nei't er spul krigen hie mei de sjauffeur oer de kosten fan syn rit. De Ljouwerter fûn dy te heech en woe net betelje.

De sjauffeur pakte dêrop de beurs fan de man en helle der jild út. De Ljouwerter waard dêrnei sa lulk dat er op de motorkap fan de auto sprong en dy skansearre. Hy is troch de plysje fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)