De Tynje hat doarpsplein

It Pipegaelsgeaplein
Yn plak fan in suterich parkearterrein hat De Tynje no in nagelnij en kreas doarpsplein yn it sintrum. It Pipegaelsgeaplein oan de Breewei is yn opdracht fan de gemeente hielendal opknapt. De Tynje bestiet dit jier 100 jier en woe dat ûnder oare graach fiere mei it nije doarpsplein.
Op it plein kinne noch wol auto's parkeard wurde, mar der is ek plak makke foar in lyts poadium. Fierders stiet der in keunstwurk mei de namme 'Samenhang'.