Tydskrift Fryslân yn nij jaske

It tydskrift Fryslân wurdt fernijd om mear lêzers te lûken. It blêd wurdt útjûn troch it Koninklijk Fries Genootschap en giet oer de kultuer en skiednis fan Fryslân. Freed tekenet it bestjoer fan it Genoatskip in oerienkomst mei útjouwerij Waanders.
It tydskrift sil seis kear jiers ferskine, earder wie dat fjouwer kear. De namme bliuwt gelyk, mar de formule feroaret. Der wurdt mear útgien fan wat in breed publyk aardich fynt om te lêzen.