Underskieding Wiep van Wieren

Wiep van Wieren út Marsum is by syn ôfskie as bestjoerslid fan keatsferiening Foarút fan Marsum dûbeld ûnderskieden. Van Wieren krige út hannen fan boargemaster Van Delft fan Menameradiel in keninklike ûnderskieding. Hy waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Omdat er net allinne op lokaal nivo aktyf wie foar it keatsen mar him ek jierrenlang ynset hat foar it haadklassekeatsen krige Van Wieren fan de KNKB in bûnsynsinje.